Tûmba foar it ûnderwiis
Tûmba is al jierrenlang in graach sjoene gast op skoallen en ûnderwiisynstellingen. We jouwe gastlessen oan learlingen, studinten en dosinten fan alle leeftiden! Bygelyks as ûnderdiel fan boargerskipslessen, of nei oanlieding fan temadagen lykas Pearze Freed. Ek kin in diskriminaasje-ynsidint op skoalle oanlieding wêze foar in gastles. We ha ferskate grutte en lytse wurkfoarmen om út te kiezen. Op dizze side fynst in greep út ús oanbod. In oersjoch fan alle foarljochtingen fynst hjir. We brainstoarmje ek graach mei oer in oanbod op maat. Yn ús foarljochtingen slute wy oan by de kearnwearden fan de skoalle en jouwe altyd ynspirearjende en prikkeljende lessen.