Tûmba helpt diskriminaasje sinjalearjen en foarkommen. Wolkom by it kennissintrum dêr't ferskaat strielet!
Lit dy ynspirearje
By Tûmba wurkje we oan in Fryslân dêr’t elkenien derby heart en lykweardich is. In iepen mienskip. Mear witte oer wa’t wy binne en wêr’t wy foar steane? Do lêst it hjir!
Tûmba yn it koart:
Tûmba is ít meldpunt en kennissintrum diskriminaasje en diversiteit yn de provinsje Fryslân. Kinst by ús terjochte foar help en advys ast diskriminaasje sjoen hast, heard of meimakke. Wy stribje nei de meast duorsume oplossing foar alle partijen en besykje hjiryn brêgen te bouwen. Ek set Tûmba aktyf yn op it foarkommen en ferminderjen fan diskriminaasje en it befoarderjen fan ynklusy en diversiteit. Dit dogge wy troch foarljochting, advys en ûndersyk. Dat dogge wy foar ferskate doelgroepen, bygelyks ûnderwiisynstellings, bedriuwen, oerheden, plysje, Iepenbier Ministearje, media en ferskate kulturele organisaasjes.
Wêr't wy foar steane
Missy
Tûmba is ít kennissintrum diskriminaasje en diversiteit yn Fryslân. Wy steane sichtber middenyn de provinsje, iepen foar nije ûntwikkelingen en fyzjes, mar stevich woartele yn de Fryske mienskip. Tûmba siket ferbining en dialooch. Oan beide kanten respekt, want respekt foar dysels hâldt ek respekt foar de oar yn.
Fisy
Tûmba siket, fanút har posysje yn en har rol binnen de provinsje, nei ferbining. Wy binne der foar alle ynwenners fan Fryslân, likefolle “ leauwe, libbensoertsjûging, politike oertsjûging, ras, geslacht of op hokker grûn dan ek ”.
Wy stribje nei in kleurrike provinsje, in ‘iepen mienskip’, wêryn’t elkenien derby heart en lykweardich is (#jijhoorterbij). Dat dogge we net mei in ‘opgeheven vinger’. It giet der net om dat minsken kleur bekenne, mar dat minsken sels har libben en omjouwing ynkleurje. Tûmba jout se de kleurpotleaden om dit mooglik te meitsjen. Dêr’t wy net by út it each ferlieze wolle dat “ Us libben ophâldt op de dei dat wy swije oer de dingen dy’t der ta dogge ”, yn de wurden fan ds. Martin Luther King. Wy binne der omdat wy yn Fryslân noflik en earlik mei-inoar gearlibje wolle.
Ús namme
Tûmba hat har namme ûntliend oan de muzyk – en dûnsstyl Tumba fan Aruba, Bonaire en Curaçao. De dûnsstyl is ôfkomstich fan de ta slaaf makke, en oant de dei fan hjoed populêr by harren neikommelingen. Kenmerkend oan Tumba is dat it in sterk boadskip hat: ferbining, it fuortfallen fan ferskillen en it uterjen fan dielde emoasjes. Foar Fryslân hat it oarspronklike wurd der fansels in ‘kapke’ bykrigen!
Ús team
Mirka Antolović
Directeur
Mirka's top talenten: netwerken, actiegerichtheid, verantwoordelijkheidsbesef, communicatie en strategisch
Anne de Groot
Adviseur kenniscentrum
Anne's top talenten: intellect, contextueel, leergierigheid en verantwoordelijkheidsbesef
Hinke Tinet van der Werf
Adviseur Kennissintrum
Hinke Tinet's top talinten: netwurken, positivisme, ienriedigens, kommunikaasje en strategysk
Harry Prins
Adviseur Kennissintrum
Harry's top talinten: konteksttueel, yntellekt, input, ferantwurdlikheidsbesef en ferbûnens
Juul Habraken
Adviseur Kennissintrum
Juul's top talinten: organisaasjefermogen, learichheid, kommunikaasje, strategysk en wersteldriuw
Marem Kane
Adviseur Kennissintrum
Marem's top talinten: ferbûnens, empaty, strategysk, leargjirrigens en ferantwurdlikheidsbesef
Rienk Rozema
Adviseur Kennissintrum
Rienk's top talinten: kommunikaasje, oanmoediging, empaty en relaasjefoarming
Ajla Zildžović
Adviseur Diskriminaasjesaken
Ajla's top talinten: op aksje rjochte wêzen, ynput, empaty, organisaasjefermogen en oanmoediging
Wietske de Boer
Adviseur Kennissintrum
Wietske har top talinten: organisaasjefermogen, strategysk, ienriedigens, empaty en leargierigens
Esther Oosterbos
Adviseur Diskriminaasjesaken
Esther's top talinten: positivisme, ferbûnens, ynput, relaasjefoarming en leargierichheid
Jantine Tuinier-Zijl
Adviseur Diskriminaasjesaken
Jantines top talinten: leargjirrigens, ferantwurdlikheidsbesef, prestaasjerjochte, ienriedigens en ideeëfoarming
Jolanda Bergsma
Adviseur Diskriminaasjesaken
Jolanda's top talinten: prestaasjerjochtens, leargierigens, organisaasjefermogen, ienriedigens en oertsjûging
Nala
Expert sfeerbeheer
Nala's top talenten: hoofd welkom & ontvangst, snackdetective en stressvermindering